Politici achter petitie Noflik Wenje

politici achter petitie noflik wenje

Op donderdag 23 januari is de petitie van Noflik Wenje toegelicht binnen de gemeenteraad van Tytsjerksteradiel. Alle fracties (PvdB, PvdA, CH, Grien Links, CDA, VVD, D’66 en FNP) maakten duidelijk dat zij willen dat Noflik Wenje blijft bestaan. Politici staan achter de petitie ‘Noflik Wenje moat bliuwe!’. Ook wethouder Bouman (CU) zet zich daarvoor in. Hij riep ‘alle partijen’ op om snel met elkaar om tafel te gaan. De volledige tekst van de toelichting (in het Fries) vindt u hier. De toelichting, en de aansluitende vragen en reacties, zijn op de website van de gemeente te bekijken via deze link (vanaf 52 minuten en verder..)

Het proces vlot trekken

De wethouder maakte duidelijk dat het kollege weinig te zeggen heeft over zorg in het kader van de ‘Wet Langdurige Zorg’.  Daarbinnen zijn het zorgkantoor en de betrokken zorgorganisaties de belangrijkste partijen.  Aan de raad werd gevraagd om de petitie te ondertekenen, het kollege te vragen er alles aan te doen om de zorgplekken voor mensen met dementie te behouden en om het kollege te vragen een kwartiermaker aan te trekken om het proces dat daarvoor nodig is vlot te trekken.

Gericht beïnvloeden

Vanuit ‘Noflik Wenje moat bliuwe!’ werd benadrukt dat als een groot deel van de Trynwâlden aangeeft dat er onvrede is over het verdwijnen van een voor hen belangrijke voorziening zij van de dichtst bij hen staande politici mogen verwachten dat zij er alles aan doen om dat te voorkomen. Invloed wordt niet alleen uitgeoefend via wettelijke bevoegdheden. Er is niet gevraagd de wet te overtreden, wel om, indien men het in de petitie gestelde doel ondersteund, daartoe gericht invloed uit te oefenen op partijen die wel bevoegdheden hebben.

Gratis vervoer voor minister De Jonge

De wethouder zegde toe een beroep te zullen doen op minister De Jonge van volksgezondheid om, in aansluiting op een binnenkort gepland  werkbezoek in Hurdegaryp, een ommetje door de Trynwâlden te maken. De 7 kilometer tussen Hurdegaryp en Noflik Wenje zijn snel te overbruggen. ‘Maatschappelijk Vervoer Trynwâlden’ heeft aangeboden de minister kosteloos naar de plaats van bestemming te vervoeren. Mocht de minister zijn ongetwijfeld kekke schoeisel niet willen bevuilen dan wordt hij op gepaste wijze per rolstoel Noflik Wenje binnengereden. De kofje stiet klear! Hij is van harte welkom.

Miljoenenbesparing

Met zijn komst naar Heemstra State zou de minister een voor de gezondheidszorg in Nederland historische plek bezoeken. Hier werd voor het eerst geëxperimenteerd met de scheiding tussen wonen en zorg, een scheiding die de Nederlandse gezondheidszorg miljoenen heeft bespaard.

 

 

Taljochting petysje ‘Noflik Wenje moat bliuwe!’

 

 

Achte gemeenteried fan Tytsjerksteradiel

 

Ynlieding

Ik bin Dick Provoost en stean hjir út namme fan alle bewenners fan Noflik Wenje yn Oentsjerk en ek út namme fan de belangegroep ‘Noflik Wenje moat bliuwe!’ dy’t om dizze bewenners hinne ûntstien is. Alle bewenners hawwe de net te genêzen sykte demintens. As groep komme wy foar harren belangen op. Dat dogge wy yn gearwurking mei de kliïnteried fan Heemstra State. Wy binne as groep úteinset mei in petysje dy’t ik no taljochtsje sil.

Wat is der bard?

Yn 2014 hat Soarchgroep Tellens Noflik Wenje bouwe litten.
As ried hawwe jim op besite west en sjoen hoe moai dat wurden is. Finansjeel gie it sa foar de wyn, dat yn 2016 oan in twadde Noflik Wenje tocht waard. It wie ommers ‘modulair en toekomstgericht’ boud? Der koe sa in etaazje by op.
Yn 2017 hat de gemeente de hear Eppie Fokkema ynhierd om in bedriuwsplan foar in Nieuw Heemstra State te meitsjen. Yn dat plan stiet it o sa dúdlik: ‘Noflik Wenje blijft’. Mar no leit it der sa hinne dat Noflik Wenje yn jannewaris 2021 tichtgiet.
De bewenners binne hjir op tsjin. De kliïnteried is der op tsjin. De ûndernimmingsried is der op tsjin. En mear as 1000 Trynwâldsters binne der op tsjin. De stelde slutingsdatum bringt it risiko mei dat Noflik Wenje yn ‘e rin fan 2020 deabliedt. Dan is der net sa folle mear om mooglik noch ‘oer te nimmen’. De sfear yn Noflik Wenje is yntusken folslein bedoarn. En krekt minsken mei demintens binne dêr tige gefoelich foar.

Priiskaartsjes op it ferkearde plak

Yn ‘e earste trije-en-in-heal jier dat Noflik Wenje bestie, fan september 2014 oant febrewaris 2018, hawwe de bewenners net de soarch krigen dêr’t se rjocht op hiene. Yn 2017 ûndersocht de ynspeksje klachten hjiroer fan fjouwer bewenners en hat doe in yngreep dien om de soarch te ferbetterjen. Dat slagge, mar dat yngripen makke de soarchferliening djoerder. Der moast benammen mear personiel by. Sûnt dy tiid wurdt sein: ‘It kin net út.’ Dizze ekstra middels binne de bewenners yn ‘e earste jierren misrûn. Yn jild útdrukt is dit in heftich priiskaartsje dat troch de bewenners betelle is. De skea hjirfan oan harren sûnens en dy fan it personiel troch oerbelesting, litte we dan noch bûten beskôging. Eksakte sifers hawwe wy net, mar it plaatsje is dúdlik: trije-en-in-heal jier krigen de bewenners net de soarch dêr ‘t se rjocht op hiene. Doe’t se dy soarch al krigen, waard it te djoer fûn en komt foar de twadde kear it priiskaartsje by bewenners en personiel telâne: Noflik Wenje moat slute.

Wat wy as belangegroep fan sluting fine

Trije-en-in-heal jier oan net te genêzen sike minsken fertsjinje troch harren kontraktueel oerienkommen soarch te ûnthâlden en dan slute sa gau as de soarch troch yngripen fan de ynspeksje mear kostet? Sa meie dizze bewenners en harren fersoargers net behannele wurde. En as je dan fuortgeane, en dêr hat Patyna fansels it rjocht ta, dan ha jo as organisaasje de maatskiplike plicht om kliïnten goed fersoarge achter te litten en de garânsje te jaan dat it personiel ferantwurde trochgean kin mei it wurk. In organisaasje moat dan alles op alles sette om foar te kommen dat dizze deminte âlderen ûnder twang ferhúzje moatte.

Wy hawwe as belangegroep oan Patyna dúdlik makke wat in goeie oername yn ús eagen ynhâldt en de kliïnteried hat dit yn har advys meinaam. Wy nimme it de soarchorganisaasje kwea ôf dat se de slutingsdatum net ferfange wolle troch in ‘winsklike oername-datum’. Ek oer it ûndersyk nei de helberens fan nijbou kinne wy koart wêze: wat Patyna dêrmei docht doocht net. De kliïnteried seit oer dit ûndersyk: dit moat oernij en net wer útfierd wurde troch in ûndersiker dy’t by Patyna yn tsjinst is. It ûndersyk ûnderstreket dat Patyna, as it om Noflik Wenje giet, mar ien ambysje hat: hjir wei!

Wat wy wolle

Wat wy wolle stiet dúdlik yn ús petysje. Der is ferlet fan in profesjonele lytsskalige organisaasje mei wurknimmers dy ‘t ûnderfining ha op it mêd fan yntinsive âldereinsoarch en demintens. In organisaasje dy ‘t by steat is om Noflik Wenje de kommende tritich jier iepen te hâlden en yn te passen yn in goed op inoar ôfstimd oanbod foar âldereinsoarch yn ‘e Trynwâlden. Dat is wêr’t wy ús as belangegroep yn ‘e kommende moannen foar ynsette sille. Fan de gemeente Tytsjerksteradiel, soarchorganisaasje Patyna en zorgkantoor Friesland ferwachtsje wy dêr stipe by.

Wat wy fan ‘e ried wolle

Foar de ried sjogge wy trije kânsen om ús te stypjen.

  1. De ried kin ús petysje ûnderskriuwe. Dat is mooglik oant 26 jannewaris ta.
  2. De ried kin it kolleezje freegje om, op grûn fan gemeentlike ferantwurdlikens foar de kwaliteit fan soarch yn ‘e Trynwâlden, it inisjatyf te nimmen om derfoar te soargjen dat de hjoeddeiske lytsskalige ferpleechhûs-kapasiteit foar minsken mei demintens yntakt bliuwt.
  3. De ried kin it kolleezje freegje om, as earste stap, in kertiermakker te fassilitearjen dy’t ûnder oaren de opdracht kriget om tegearre mei Patyna in konstruksje te finen dy’t Noflik Wenje as foarsjenning yn stân hâldt. It past net om dêrby as hurde slutingsdatum 01-01-2021 te hantearjen. It sprekt fansels dat Patyna hjirta de eksploitaasjesifers fan Noflik Wenje beskikber stelt.

As fertsjintwurdigers fan de bewenners hiene wy sûnder de praktyske stipe fan minsken út ferskate doarpsbelangen, fan frijwilligers en neisten, fan belutsen ynwenners út ‘e Trynwâlden, fan zorgcoöperatie Tirza, fan Maatschappelijk Vervoer Trynwâlden en sûnder it aktyf meitinken fan ferskate politisy (wêrûnder Twadde Keamerlid de hear Maarten Hijink), noait dit grutte oantal ûnderskriuwers fan de petysje krigen. Mei stipe fan ‘e ried en it kolleezje fan Tytsjerksteradiel, kinne wy grif ta in ferantwurde fuortsetting komme fan Noflik Wenje yn ‘e Trynwâlden!

Mei tank foar jim oandacht!

23 jannewaris 2020
‘Noflik Wenje moat bliuwe!’